Welkom op onze homepage Iedere zondagavond nieuwe foto’s van onze tuin en een nieuwe computertip en maandelijks de nieuwste “Doarpsnijs”, de dorpskrant van Nijemirdum. Ook ingezonden foto’s kunnen een plaatsje krijgen op onze site. Verder foto’s van vroeger en andere informatie over ons dorp.                                       Wy sille ús earst even bekendmeitsje. De famylje Bosma, dat binne Knilles Bosma (56), Jantsje Bosma-de Jong (57) en Harmen Bosma (26). Dan ha we noch in kat (Snoopy) en 5 sebrafinkjes. Wy binne hikke en tein yn Nijemardum en wenje al 20 jier yn it hûs mei de âlde smidderij. Us dochter Feikje en ús soan Johan binne de doar al út; Feikje en Elias wenje yn Balk en Johan en Deborah yn Almere. Knilles mei graach fan alles útprobearje achter de computer en hy fynt it ek leuk as er by oaren as "helpdesk" optrede kin. Hy hâldt fan lêzen (foaral de krante en computerblêden) mar hat ek in soad plezier yn omknúskjen. Jantsje hâldt it meast fan túnkjen, opromjen, lêzen en skriuwen en besiket altemets ris in skilderij te meitsjen of wat oars te nifeljen.  Achterhûs hawwe wy in prachtige tún (fine wy sels). Om te begjinnen sjogge wy dêr út op de lannen mei yn 'e fierte de mûne en de seedyk. Wy hearre altyd fûgels en as it treft rinne der kij gesellich te snuven en te weidzjen. Us tún is net mâle grut, mar grut genôch om hearlik yn te túnkjen, te sitten en te genietsjen. Elke wike makket Jantsje in fotoferslach fan de tún. It doarp Nijemardum is lyts, rêstich en it leit midden tusken de bosken. It Iselmar (de see, sizze wy hjir) is ek tichtby. Nijemardum hat sa’n 600 ynwenners, 230 huzen, in toer, in tsjerke, in doarpshûs en in skoalle. Boadskippen helje wy yn Aldemardum, Balk of Lemmer. Foar de toeristen hawwe wy twa boerecampings, in petit-restaurant, Bêd en brochje en in pleats mei lúkse apparteminten. Neist ynformaasje, bedankjes, negoasje en oare berjochtsjes fan lêzers, elke moanne nijs oer wat der yn Nijemardum noch mear omgiet; fêste rubrieken en ynterviews mei ynwenners en skoalbern. Lês it sels!. .......... Yn april 2010 hawwe Jantsje, Harmen en Feikje fiif dagen yn New York west. Dat is no echt in stêd om dyn eagen út te sjen! Allerhande Op dit plak kin fan alles te sjen wêze, ék foto’s of oare saken dy’t jimme nei ús opstjoere! Copyright © 2001-2010 C. Bosma Made with Xara Web Designer fan de famylje Bosma Foto’s Tips en trucs Tuin Doarpsnijs Aquarellen
Op 2, 3 en 4 september is er weer dorpsfeest in Nijemirdum
Bijgewerkt op:  29-08-2010
Teken ons gastenboek
Google
Jantsje hat altyd nocht oan tekenjen en skilderjen hân en is in jier as 15 lyn mar ris op les gien. Ut dy tiid binne de measte aquarellen (want doe stie der noch in stok achter de doar). De lêste jierren komt der net folle mear fan skilderjen en sa rekket men der fansels ek hieltyd minder bedreaun yn. It wurdt heech tiid om wer ris wat lessen te folgjen!
©
Ga met de muis over de afbeelding van de Nederlandse vlag om de vertaling te lezen Windows 7 Meerdere vensters / Start uitvoeren MEERDERE VENSTERS Maakt u gebruik van een programma dat u meerdere keren tegelijk kunt uitvoeren (denk aan Windows Verkenner, de..... UITVOEREN TERUG De optie Uitvoeren van het menu Start is niet aanwezig in het menu, net als bij Windows Vista. Het zoekvak heeft....